Opsterlân oer 5 jier fusearre?

28 jun 2007 - 17:03
  • Sicko Heldoorn giet nei Assen

It is mar de fraach oft de gemeente Opsterlân oer fiif jier noch bestiet. Dat sei boargemaster Sicko Heldoorn fan dy gemeente op syn ôfskieresepsje. Nei fiif jier yn Opsterlân wurdt er fan oare wike ôf de nije boargemaster fan Assen.

Neffens Heldoorn moat yn de perioade fan syn opfolger goed besjoen wurde oft der net mear mei oare gemeentes gearwurke wurde moat. Dat moat net Smellingerlân wêze, fynt er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)