'Opsterlân net weryndiele'

25 sep 2007 - 08:34

De ynwenners fan Opsterlân wolle net weryndiele. Dat die bliken by in diskusjegearkomste oer de takomst fan de gemeente. Der wiene sawat 85 minsken.

Opsterlân hat in lytse 30.000 ynwenners en de oanwêzigen fûnen dat grut genôch. Wol is it goed dat der gearwurke wurdt mei oare gemeenten. Ek moat der mear dien wurde mei it toerisme yn Opsterlân en moat der romte bliuwe foar lânbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)