Opsterlân moat besunigje

19 maaie 2004 - 00:00

Opsterlân moat ien miljoen euro besunigje. Dat is nedich om't de gemeente minder jild fan it ryk krijt. Om de besparring te heljen wurdt ûnder oare it skoalswimmen ôfskaft.

Der is ek minder jild foar WVG-ferfier en der wurdt minder dien oan ûnderhâld fan diken. Sport- en kultuerynstellingen moatte ek ynleverje. Yn juny nimt de gemeenteried in beslút oer de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)