Opsterlân: jild nei lytse musea

30 jan 2006 - 10:20

De provinsje moat neist it jild foar it Fries Museum ek de lytsere musea yn Fryslân finansjeel stypje. Dat sei wethâlder De Boer fan Opsterlân sneon by de weriepening fan streekmuseum Opsterlân op 'e Gordyk.

Neffens De Boer rint it besikerstal fan 'e lytse musea werom en dêrtroch is der ek minder jild foar nije eksposysjes. Deputearre Mulder is fan betinken dat de provinsje genôch docht foar de lytsere musea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)