Opsterlân betellet sunichheid

23 aug 2011 - 16:24

Ynwenners fan Opsterlân dy't in hús ha dat boud is foar 1995 kinne fergees in enerzjybeparringsadvys oanfreegje. Ofrûne jier waard in proef mei de enerzjyadvizen dien op De Tijnje en Nij Beets. Fyftich hûshâldens lieten har ynformearje oer enerzjybesparring. Bygelyks troch bettere isolaasje en in moderne cv-tsjettel oan te skaffen. Se waarden ek holpen by it oanfreegjen fan subsydzjes.

De gemeente wol ek de ynwenners fan de oare doarpen belûke by it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)