Opsterlân besuniget miljoenen

05 okt 2010 - 17:21

De gemeente Opsterlân wol in ein meitsje oan it begraaftoerisme. Dat is ien fan 'e maatregels dy't miljoenen oan besuigings opsmite moat.

De gemeente besuniget takom jier en yn 2012 mei-elkoar 3,7 miljoen. Dat docht bliken út de nije ûntwerpbegrutting. De jierren dêrnei moat der noch ekstra mindere wurde om de begrutting wer slutend te krijen. It tal arbeidsplakken ûnder amtners giet mei tsien omdel, mar wol sûnder twongen ûntslaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)