Opsterlân benaud foar fúzje

03 feb 2009 - 17:22

B&W fan Opsterlân meitsje har soargen oer de oankundige fúzje tusken de wenningboukorporaasjes Welkom en Nieuw Wonen Friesland. De lêste is aktyf yn Ljouwert en Welkom is hiel grut yn Opsterlân.

De gemeente is no benaud dat troch de fúzje in nije wenningboustifting ûntstiet dy't him benammen rjochtet op de stêd en minder op it plattelân. Welkom is ek riker as Nieuw Wonen Friesland. Tsjin de fúzje is Opsterlân lykwols net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)