'Opsterlân moat fierder sjen'

22 nov 2011 - 06:32
  • Gemeente Opsterlân

Opsterlân moat him net beheine ta gearwurking mei de beide Stellingwerven. De gemeente moat ek nei gruttere buorgemeenten lykas Smellingerlân en Hearrenfean sjen. Dat boadskip krige de gemeenteried fan Opsterlân moandei te hearren op in diskusjejûn yn Oerterp. Dêr waard praat oer it stânpunt fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oer de bestjoerlike takomst.

It kolleezje wol dat Opsterlân selsstannich bliuwt. Benammen de ûndernimmers fine dat te beheind. Dy wolle dat de gemeente de doar nei Smellingerlân en Hearrenfean iepenhâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)