Opsterlân hâldt jild oer

03 apr 2012 - 20:14
  • Gemeente Opsterlân

De gemeente Opsterlân hâldt mear as 1,2 miljoen euro oer, sa docht bliken út de jierrekken oer 2011 fan de gemeente. Fierwei it measte jild kaam út de ferkeap fan grûn, ek al wie der rekkene op noch mear winst út dat grûnbedriuw. Ek hat de gemeente mear jild fan it Ryk krigen as ferwachte út it gemeentefûns. De ferfierskosten en húshâldlike help foar minsken dy't ûnder de wet maatskiplike help falle, komme leger út. It is lykwols mar de fraach oft de gemeente takom jier wer safolle oerhâldt. It measte jild giet nei de gemeentlike reserve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)