Opstelling sûnder ferrassings

19 okt 2014 - 12:13

SC Hearrenfean en SC Cambuur begjinne snein oan de Fryske twastriid sûnder ferrassings yn 'e opstelling. Beide ploegen sette de wedstriid útein mei deselde alve spilers as by de wedstriden twa wiken ferlyn.

By Hearrenfean kriget Doke Schmidt de foarkar boppe Stefano Marzo. Yn de oanfal kiest trainer Dwight Lodeweges foar Luciano Slagveer, Mark Uth en Morten Thorsby. By Cambuur hat oanfaller Furdjel Narsingh op 'e nij in basisplak krigen fan trainer Henk de Jong.

Opstelling SC Hearrenfean:
Kristoffer Nordfeldt, Doke Schmidt, Jordy Buijs, Joost van Aken, Pele van Anholt, Marten de Roon, Daley Sinkgraven, Joey van den Berg, Luciano Slagveer, Mark Uth, Morten Thorsby.

Opstelling SC Cambuur:
Leonard Nienhuis, Marlon Pereira, Etiënne Reijnen, Lucas Bijker, Vytautas Andriuskevicius, Sander van der Streek, Mohamed El Makrini, Albert Rusnák, Furdjel Narsingh, Bartholomew Ogbeche, Daniël de Ridder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)