Opstelling SC Hearrenfean bliuwt gelyk tsjin SC Cambuur

29 jan 2016 - 14:03

Trainer Foppe de Haan fan SC Hearrenfean feroaret foar de derby tsjin SC Cambuur neat oan de opstelling fan syn team. Der is ien fraachteken: Thorsby wurdt mooglik ferfongen troch Branco van den Boomen, nei de swiere wedstriid tongersdeitejûn tsjin Feyenoord.

Neffens De Haan jout de oerwinning op Feyenoord syn ploech fertrouwen. Mar De Haan hâldt der rekken mei dat ek Cambuur motivearre is. It is neffens him foar SC Hearrenfean wichtich om de iepeningsfaze fan de wedstriid goed troch te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)