Opstelling SC Cambuur geheim

21 maaie 2011 - 12:46
  • Alfons Arts

SC Cambuur-trainer Alfons Arts wol noch neat sizze oer de opstelling fan syn ploech yn de útwedstriid tsjin Zwolle. Neffens him is der net in soad reden om de basis te feroarjen, mar hy slút in wiziging ek net út.

De fraach is bygelyks oft Sandor van der Heide fan it begjin ôf meidocht. Hy foel tongersdei yn de thúswedstriid tsjin Zwolle nei 70 minuten yn. Cambuur ferdedigt yn Zwolle in 2-1 foarsprong. In lykspul is foar Cambuur genôch om troch te gean nei de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)