Opstekker foar Sealterfriezen

07 jan 2001 - 14:07

De jierlikse 'Fear' fan de Ried fan de Fryske Beweging is oerlange oan de famylje Herre út it Dútske Sealterlân. Heit en dochter wiene yn Ljouwert om de linoleumfyk yn ûntfangst te nimmen.

Yn harren benzinestatsjon ferkeapje de Herre's ek Fryske produkten. Boppedat wapperet der de Fryske flagge. De famylje praat sels gjin Sealterfrysk, mar docht wol in protte foar de taal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)