Opstekker foar LDODK troch winst op DVO Bennekom

26 sep 2015 - 17:30
  • LDODK (argyffoto)

De kuorballers fan LDODK hawwe sneon de earste seizoensoerwinning yn de eareklasse pakt. Yn Bennekom wûn de ploech fan trainer Erik Wolsink mei 31-23 fan DVO. De formaasje fan De Gordyk en Terwispel begûn goed oan de wedstriid en pakte in 11-7 foarsprong. By rêst wie de stân lykwols wer yn lykwicht: 15-15.

Yn de twadde helte rûn LDODK op 'e nij út nei 29-24. Dêrmei wie it ferset brutsen by DVO en koenen de Friezen ienfâldich útrinne nei in romme oerwinning. Nei trije kear ferlies op rige is de winst in moaie opstekker foar LDODK.

SCO wûn thús mei 29-14 fan Oost Arnhem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)