Opstapt riedslid biuwt sitten

26 apr 2006 - 23:35

It opstapte PvdA-riedslid Feike Wagenaar bliuwt op eigen titel yn de ried fan Menameradiel sitten. Wagenaar wie ûnderhandeler foar de PvdA, de grutte winner fan de ferkiezingen.

De kolleezjeûnderhandelingen yn Menaam sitte yn in djippe ympasse. De PvdA hat in kolleezjeprogram ôfpraat mei GrienLinks, VVD en FNP, mar no't it oankomt op de ferdieling fan de wethâldersposten is de boel út inoar spatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)