Opstapplakken learlingen De Fryske Marren bliuwe bestean

26 nov 2015 - 08:45
  • De aksjefierders kamen earder mei 1100 hantekeningen nei it gemeentehûs

In mearderheid fan de gemeenteried fan De Fryske Marren gong woansdeitejûn akkoart mei de regeling foar it learlingeferfier. Om jild te besparjen wurde skoalbern net langer thús ophelle, mar by spesjale opstapplakken oppikt. Alden binne dêr lilk oer.

Benammen foar autistyske bern soe it dreech wêze om nei sa'n opstapplak ta te gean. En hoewol't eltsenien it der oer iens is dat de útfiering better moat, giet it belied wol troch.

Om ien en oar te ferbetterjen, hat de gemeenteried wol oan it kolleezje frege om de útfiering fan dat belied oan te passen. Sa moat der in klankboerdgroep komme fan âlden en oare belutsenen, de kommunikaasje moat better en de opstapplakken moatte feilich en beskut wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)