Opstapper yn gefaar

20 apr 2010 - 10:26

It busferfier mei de Opstapper driget te ferdwinen as it tal brûkers dit jier net ferdûbelet. Dat seit deputearre Piet Adema. Te min minsken witte noch fan it bestean fan dy foarm fan iepenbier ferfier. Busferfierders Connexxion en Qbuzz binne koartlyn mei de provinsje begûn mei in kampanje om ynwenners fan lytse doarpen te wizen op dizze mooglikheid.

Minsken moatte dy taksybus minimaal oardel oere of maksimaal ien moanne yn 't foar reservearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)