Opstappen boargemaster Skier gjin ferrassing foar eilanners

07 aug 2015 - 15:27
  • Sjon Stellinga

It opstappen fan boargemaster Sjon Stellinga komt foar in soad bewenners fan Skiermûntseach net as in ferrassing. De boargemaster naam tongersdeitejûn sels ûntslach fanwege "grutte feroarings yn de relasjonele sfear".

De boargemaster hat al mear as in jier in relaasje mei in folle jongere beliedsmeiwurkster fan de gemeente. Op it eilân is dit al lang in publyk geheim, mar it hat der wol foar soarge dat de boargemaster syn gesach kwyt is.

De boargemaster hie earder dizze wike in petear oer de ûntstiene situaasje mei kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Nei dat petear hat Stellinga sels it beslút nommen om op te stappen. Hy bliuwt wol op it eilân wenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)