"Opstappen bestjoer spitich"

17 jun 2014 - 20:45

De gemeente Smellingerlân fynt it spitich dat it bestjoer fan it sintrum foar de keunsten De Meldij yn Drachten opstapt is. Smellingerlân seit dat de reden in ferskil yn opfetting is dy't al langer boppe de petearen hong. It bestjoer is opstapt om't se it net iens binne mei de plannen foar de takomst fan De Meldij. Sa is der neffens it bestjoer tefolle ûndúdlikheid oer de finansjele takomst fan de dosinten. Ek is men benaud dat subsydzjejild fan De Meldij brûkt wurde sil om de begrutting fan De Lawei rûn te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)