Opsporing Verzocht smyt tips op oer ynbraken yn kaaiklúskes

09 mrt 2016 - 06:15
  • Kaaikastke

Der binne oant no ta fjouwer tips binnen kaam oer de ynbraken yn kaaiklúskes foar kaaien yn ûnder oare It Hearrenfean. It programma Opsporing Verzocht frege tiisdeitejûn omtinken foar de ynbraken. Der waarden bylden toand fan manlju dy't nei de ynbraken mei stellen paskes jild út in pinautomaat helje.

De klúskes hingje neist de doar om meiwurkers fan thússoarch of famyljeleden deryn te litten. De klúskes kinne mei in koade iepene wurde, mar ynbrekkers brekke de klúskes iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)