Opsluten yn glêzen kontener

21 mrt 2013 - 07:50
  • It glêzen hûs

Fjouwer jonges út Akkrum litte harren tongersdei opslute yn in glêzen kontener yn it sintrum fan It Hearrenfean. Sy bliuwe dêr trije dagen sitten.

De jonges hawwe yn dy dagen hast gjin kontakt mei de bûtenwrâld en krije net folle te iten. Sa wolle se besykje itselde gefoel te krijen as bern yn oarlochsgebieten dy't ferlitten binne en honger hawe. Njonken de glêzen kontener stiet in bak dêr't minsken staasjejildflessen ynleverje kinne. It jild dat ophelle wurdt, giet nei War Child.

Hoe mear flessen oft ynlevere wurde, hoe heger de kontener optakele wurdt troch in kraan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)