Opslach op hiem mei net mear

03 jan 2012 - 20:22

Undernimmers op it bedriuweterrein Lemsterpark by De Lemmer riskeare in boete fan in ton as se harren yllegale bûtenopslach net fuorthelje. De gemeente Lemsterlân is net bliid mei de ferskate yllegale opslachplakken dy't by guon ûndernimmers op it hiem pleatst binne.

Yn de ôfspraken stiet neffens wethâlder Wesselius dúdlik dat dit net mocht. Yn in brief dy't de bedriuwen krigen ha stiet dat se foar 15 jannewaris yn aksje komme moatte. Dit kin wolris betsjutte dat der nijbou plakfine moat om de opslach binnen de muorren fan it bedriuw te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)