Opskuor troch falske sirene

31 des 2007 - 16:18

Yn in pear doarpen yn Menameradiel is moandei ûnrêst ûntstien omdat minsken tochten dat de sirene ôfgong. Der waard sels mei de brânwacht belle oer it alarm. Dy seit fan neat te witten.

Nei alle gedachten giet it om in âldjiersploech dy't mei in âlde sirene troch de doarpen riidt. Meldingen dêroer kamen út Menaam, Dronryp en Bitgum. De kommandant fan de brânwacht yn Menameradiel is 'not amused'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)