Opskuor om sloop 'Dievehúske'

21 okt 2002 - 00:00

It 'Dievehúske' yn Bitgum wurdt mooglik folslein sloopt. De nije eigner hat it hûs al foar de helte delhelle. Saakkundigen binne om de histoarje op de sloop tsjin.

Der waard ynbrutsen yn it húske op Sinteklaasjûn yn 1895. De bruorren Hogerhuis waarden dêrfoar ûnterjochte feroardield. Gemeente Ljouwerteradiel koe de keap fan it hûs net tsjinhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)