Opskuor om foto fan iisbear dy't mei deade kat boartet

14 des 2015 - 14:22

In bysûndere foto fan Ruurd Jelle van der Leij fan Aldeholtpea soarget foar aardich wat kommoasje. Ofrûne sneon wie de natuerfotograaf yn de dieretún fan Emmen tsjûge fan in iisbear dy't mei in deade kat boarte. De kat wie ferdronken yn it wetter fan it iisbeareferbliuw. De iisbear fûn it bist en boarte dermei. Foar de eagen fan de besikers slingere de iisbear it deade bist ferskate kearen de loft yn as wie it in bal.

Van der Leij makke der foto's fan en ek bylden. Dy waarden oernommen troch ferskate media en soargen foar in stevige diskusje. Sa pleatste RTV Drenthe de bylden op Facebook. Dat smiet mear as 500 reaksjes op. Foar- en tsjinstanners fleane mekoar yn it hier, want al is it natuer. Moatte jo dat sa sjen litte? Inkele fan de hûnderten reaksjes:

  • "Als ik de eigenaar van de kat zou zijn.........zou ik dit niet willen en zeker niet pikken !!!!"
  • "Wij stonden erbij - onze kinderen van 8, 7 en bijna 5 jaar vinden t enerzijds zielig maar toen bleek dat het ging om een kat die al verdronken was, snappen ze ook goed dat dit zo kan gaan in de natuur."
  • "Ik vind dit filmpje ronduit walgelijk en er zitten ook kinderen op fb die om de haverklap met dit soort beelden worden geconfronteerd."
  • "Ik heb zelf 3 katten hoor, hartstikke sneu maar dit is de natuur, blij om te zien dat de beer überhaupt nog instict heeft na al die jaren gevangenschap en als je niet wil dat je kinderen dit zien moet je doorlopen"

Ruurd Jelle van der Leij wurdt der net oars fan. "Minsken stean sa fier fan de natuer ôf", seit er. "Boppedat wie de kat al dea". Meiwurkers fan de dieretún hawwe mear as in healoere wurk hân om de kat fan de iisbear ôf te pakken. Yn it radioprogramma Weistra op wei docht Van der Leij tusken 17.00 en 18.00 oere syn ferhaal.

Ferline jier makke de fotograaf ek al in opfallende foto fan in foks dy't mar krekt it hege wetter op it Noarderleech oerlibbe. De diskusje ûntstie dêrnei doe't it bist ôfsketten waard troch in jager.

Let op: de bylden hjirûnder kinne skokkend wêze!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)