Opskuor om brief yn East'werf

27 aug 2014 - 11:17
  • Gemeente Eaststellingwerf

Stellingwerf Plus is net te sprekken oer de behanneling fan brieven troch de gemeente Eaststellingwerf. Dat komt omdat de gemeenteriedsfraksjes in brief twa moanne te let krigen ha. De brief fan Caparis wie rjochte oan de fraksjefoarsitters fan de riedspartijen, mar kaam troch in minsklike fout te let by de partijen oan.

De grutste partij fan de gemeente, Eaststellingwerfs Belang, makket him minder drok om it ferhaal. Neffens fraksjefoarsitter Dongstra wie it in ynsidint en is soks de lêste tsien jier net foarkaam.

It kolleezje sil neat oan de proseduere fan ynkommende brieven feroarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)