Opskuor oer útnoeging Arriva

19 apr 2005 - 06:29

Steatelid Janny van der Molen fan de PvdA giet net yn op de útnoeging fan ferfiersmaatskippij Arriva. Dy hat freed ferskate steateleden útnoege om ynformeel oer de takomst fan it iepenbier ferfier yn Fryslân te praten. It giet dan om de steateleden mei iepenbier ferfier yn de portefúlje.

Se soene dan ek op kosten fan Arriva de fuotbalwedstryd SC Heerenveen-RBC sjen kinne. Van der Molen hat betinkings fanwege de politike ûnôfhinklikens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)