Opskuor oer stipe oan Qbuzz

12 sep 2014 - 13:03
  • Qbuzz

Provinsjale stipe oan Qbuzz leit net foar de hân, omdat it ûnearlike konkurrinsje yn de hân wurkje kin. Dat seit deputearre Kramer oer de oanfraach fan finansjele stipe troch de busferfierder. Qbuzz makket ferlies op it busferfier yn Súdeast-Fryslân. Se freegje twa miljoen euro oan de Provinsje Fryslân foar nije bussen om de tsjinstferliening te ferbetterjen. Dy proseduere wurdt ek yn oare provinsjes folge.

Kramer is fan doel om de oanfraach serieus te besjen. Klanten fan Qbuzz meie net de dupe wurde.

Ferfierder Arriva seit yn in reaksje nei de rjochter te stappen as de provinsje de oanfraach fan konkurrint Qbuzz honorearret. Neffens Arriva is it weismiten jild om no al twa miljoen euro te jaan. Oer twa jier moat opnij ynskreaun wurde foar de konsesjes en dan kin alles hiel oars wêze. No al jild jaan is yn feite kontraktbreuk en it feroarsaket konkurrinsjeferfalsking, seit in wurdfierder fan Arriva.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)