Opskuor oer nije paden Prinsetún

06 nov 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert neamt de opskuor oer de nije paden yn de Prinsetún 'in stoarm yn in glês wetter'. De paden dy't op it stuit oanlein wurde, skine sa steil te wêzen dat guon âldere minsken der kwalik oer rinne kinne.

Neffens de gemeente sille de probleempaden wat flakker makke wurde. Eins soene de paden deselde gloaiïng krije moatte as eartiids op de tekeningen fan arsjitekt Roodbaert oanjûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)