Opskuor oer klokken Aldlemmer

26 feb 2014 - 15:20
  • Tsjerke Aldlemmer
  • Desibelmjitter

De ynwenners fan Aldlemmer ha skjin har nocht fan de klachten oer de tsjerkeklokken. De oerbuorman fan de tsjerke fynt dat de klokken te lûd liede en hat syn beklach dien. Der wurdt no drige mei in twangsom om't de klokken oer de grins fan 70 desibel komme. It is lykwols mar ien ynwenner fan it lytse doarp. De oare 213 bewenners koesterje de klokken en har lûd en beskuldigje de man fan geëamel. De kwestje liket foarearst noch net oplost, it tsjerkebestjoer hat it nivo fan it lûd al safolle mooglik nei ûnderen brocht, mar mear kin net.

De twangsom is noch net binnenkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)