Opskuor oer hygiëneregels

28 sep 2013 - 12:34

In part fan de frijwilligers fan soarchynstelling De Friese Wouden hawwe it wurk dellein. Se binne it net iens mei de wize hoe't hygiëneregels neilibbe wurde. De regels binne sûnt fan 't simmer folle stranger wurden om't de ynstelling ûnder ferskerpe tafersjoch stiet. Sa binne sieraden lykas ringen net langer tastien.

Strangere hygiëneregels by soarchynstelling De Friese Wouden hawwe derfoar soarge dat seis frijwilligers it wurk net langer dwaan wolle. De soarchynstelling kaam yn july ûnder skerper tafersjoch fanwege de hygiëne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)