Opskuor oer fergoeding Koops

03 jun 2009 - 08:56
  • Klaas Koops krijt ien miljoen euro foar syn advyswurk

Op it Friesland College is opskuor ûntstien oer de beleanning fan de âld-topman Klaas Koops. De âld-foarsitter fan de ried fan bestjoer krijt oant 2012 in miljoen euro foar syn rol as adviseur fan de skoalle.

Dat soarget foar argewaasje omdat de skoalle fiif miljoen besunigje moat. Alle tydlike kontrakten binne opsein en de skoallemienskip hat gebouwen te keap setten. De meisizzenskipsried sil him bûgje oer de fergoeding foar Koops.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)