Opskuor oer dûmny fan Reitsum

09 maaie 2006 - 11:28

Dûmny Lichti fan Reitsum hie syn dryste útspraken oer homofily better foar him hâlde kinnen. Dat fynt foarsitter Zoodsma fan de tsjerkerie dêr't Reitsum ûnder falt.

Lichti sei as gastpreker yn Alphen aan den Rijn dat homoseksualiteit neffens de bibel ferbean is. De dûmny beropt him op in bibeltekst, dêr't ek yn stiet dat minsken de dea fertsjinje as sa har âlders útflokke of op bêd gean mei in oar syn frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)