Opskuor oer auto by Snitswike

05 aug 2014 - 21:50

Op social media gean berjochten oer in grutte, swarte auto yn Snits mei dêryn donkere minsken dy't besykje famkes en froulju yn de auto te lûken. De slachtoffers soene earst klemriden wurde. Neffens de plysje Snits is dêr de ôfrûne nachten ekstra om tocht, mar se hawwe neat ûntdutsen.

Yn ferbân mei de Snitswike is der in soad plysje op strjitte. Sinjalen oer de auto sille mei prioriteit oppakt wurde. De plysje warskôgert derfoar dat it net in broadsje-aap-ferhaal is of wurde moat.

ï

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)