Opskuor by feiling yn WTC

17 jun 2014 - 17:17
  • Opskuor by de eksekúsjefeiling fan it hûs fan de famylje Dijkhuizen

Der wie tiisdeitemiddei opskuor by in eksekúsjefeiling yn it WTC yn Ljouwert. In echtpear út Snits protestearre dêr, tegearre mei in tal sympatisanten tsjin de iepenbiere ferkeap fan harren hûs. Hoewol't se in betelingsachterstân hawwe op de hypoteek, is neffens har de ferkeap troch de bank yllegaal en ûnwettich. Se fjochtsje dit oan by de rjochter.

In sjoernalist fan Omrop Fryslân dy't it hiele barren fêstlei waard frege de seal te ferlitten. Doe't hy dat wegere waard de plysje ynskeakele. Uteinlik binne de demonstranten de seal útgien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)