Opskuor by buerthûs Ljouwert

27 mrt 2005 - 15:25

In groep jongeren hat sneon foar opskuor soarge by it buerthûs yn de Knoopstrjitte yn Ljouwert. De plysje gong der nei in melding fan in omwenner op ôf en trof tolve jongeren oan op strjitte.

De jeugd wie ferfelend en wie út op in konfrontaasje mei de plysje. Uteinlik foel it ta en gongen de jongeren fuort. Twa jongeren ha de plysje misledige en binne dêrfoar oanholden. It giet om in famke fan 15 en in jonge fan 17 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)