Opskuor B'post oer teaterboerd

16 jan 2010 - 17:23
  • De foarstelling is krekt posityf oer bûtenlanners

Yn Bûtenpost is kommoasje ûntstien oer in reklameboerd by de iisbaan mei de oankundiging fan in foarstelling Fuort mei bûtenlanners. Dat is de teaterfoarstelling fan Bouke van der Woude en Campbell Forbes. Minsken klagen by it iisbaanbestjoer oer de tekst omdat se it net passend fûnen. It stik giet lykwols oer de positive kanten fan de multykulturele mienskip. Om't it iisbaanbestjoer derop oansprutsen waard, easken se dat it boerd fuorthelle wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)