Opsjitte mei weryndieling

18 apr 2012 - 22:48
  • VFG logo

Fryske gemeenten moatte avesearje mei it nimmen fan in beslút oer har takomst. Dy oprop die PvdA-keamerlid Pierre Heijnen woansdeitejûn op de ledegearkomste fan de Feriening fan Fryske Gemeenten yn Wolvegea. Neffens Heijnen stekke gemeentebestjoeren in protte tiid en enerzjy yn de weryndielingsdiskusje, wylst der oare grutte fraachstikken op har ôfkomme.

Sa nimt de wurkleasheid ta en wurdt der besunige. Dêrneist wurde gemeenten ferantwurdlik foar in grut tal sosjale taken en soarchtaken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)