"Opsjitte mei in nij Thialf"

07 jan 2011 - 07:26

De gemeente Hearrenfean moat gau in beslút nimme oer de bou fan in nij Thialf stadion. Dat seit foarsitter Louis de Boer fan de Undernimmerskring Hearrenfean. Neffens him is it ûndernimmersklimaat noch net goed en foaral foar de bousektor is it wichtich dat se wer oan it wurk kinne.

De gemeente moat aveseare, omdat yn 2013 in nije reedrydkalinder makke wurdt. Is der dan net in goed stadion, dan is de kâns grut dat de grutte wedstriden earne oars riden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)