Opsizzings by VVD Fryslân

18 sep 2007 - 11:53
  • Rita Verdonk

Tsientallen leden fan de VVD yn Fryslân ha nei ferline wike tongersdei har lidmaatskip fan de partij opsein. Se binne it der net mei iens dat de VVD Rita Verdonk út de Twadde- Keamerfraksje set hat, omdat dy krityk hie op de koers fan de fraksje.

Tagelyk komme der ek minsken werom, dy't earder opsein hiene, krekt omdat se it net iens wiene mei Verdonk. Toch stiet de VVD-ôfdieling Fryslân yn mearderheid achter Mark Rutte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)