Opsinten yn Fryslân bot ferhege

25 feb 2015 - 15:13
  • File (argyffoto)

De provinsje Fryslân hat yn de ôfrûne fjouwer jier de opsinten mei sa'n 9,2 prosint ferhege. Dat docht bliken út ûndersyk fan televyzjeprogramma Nieuwsuur. De taname is yn Fryslân it heechst yn ferliking mei oare provinsjes.

Lanlik sjoen smieten de opsinten, dy't keppele binne oan de belesting op auto's en motorfytsen, de provinsjes ferline jier sa'n 1,5 miljard euro op. Deputearren fan Limboarch, Grinslân en Gelderlân pleitsje foar it ôfskaffen fan it hjoeddeistige systeem fan de provinsjale opsinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)