Opsinten foar Fryske wegen

08 nov 2007 - 11:51

It jild dat de Friezen de kommende jierren oan opsinten ekstra betelje moatte foar har auto, giet foar de folle hûndert prosint nei de Fryske ynfrastruktuer. Dat seit deputearre Galema as reaksje op de krityk fan de opposysjepartijen yn de steaten.

Benammen de FNP en de VVD wiene fûl tsjin op de ferheging fan 27 euro per auto. De ferheging soe neffens har te grut wêze en net nedich. Ek soe it jild net op it goeie plak kommen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)