Opsinten flink omheech

22 apr 2005 - 16:50

De provinsjale opsinten op de wegebelêsting geane takom jier flink omheech. Dat wolle Deputearre Steaten. Troch it Fryske Marreprojekt en it oanlizzen fan nije diken hat de provinsje de kommende jierren minder jild om hannen. Deputearre Steaten wolle dêrom 4,5 miljoen euro besparje.

De ferheging betjut dat autobesitters takom jier 36 oant 55 euro mear yn it jier kwyt binne oan wegebelesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)