Opset brân by houtopslach?

16 jul 2001 - 00:00

De Sosjale Databank Nederland tinkt oan opset by de grutte brân yn de houtopslach fan Van der Galiën yn Wâlterswâld. Neffens de Databank lei der ympregneard hout yn de opslach, dat beskôge wurde kin as gemysk ôffal. De organisaasje easket moarn foar de Rie fan Steat dat dit hout tenei net mear brûkt wurde mei.

Van der Galiën is lulk oer de beskuldigings en oerwaget juridyske stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)