Oprop tsjin kabinetsbelied

24 feb 2012 - 11:44
  • Logo FNV Bondgenoten

Fryske leden fan FNV Bondgenoten wurde oproppen om yn ferset te kommen tsjin it kabinetsbelied. Se krije ynkoarten besite fan it fakbûn op it eigen bedriuw of se wurde útnoege foar in gearkomste yn Ljouwert.

FNV Bondgenoten fynt dat sosjale sekerheid ôfbrutsen wurdt en is ek tsjin besunigings op de soarch en it ûnderwiis. Dat wurdt oan de leden foarlein. As dy dat ek fine, wurde se oproppen om nei in grutte protestmanifestaasje te gean. Dy is op 22 maart op it Malieveld yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)