Oprop ta leauwe, hoop, leafde

25 des 2012 - 14:31
  • Krysttaspraak keninginne Beatrix 2012

Keninginne Beatrix hat it Nederlânske folk yn har krysttaspraak oanroppen ta leauwe, hoop en leafde. Leauwe is it betrouwen dat ús libben sin jout. Hoop is de oertsjûging dat it goed komt. Leafde is de krêft dy't ús mei-inoar ferbynt, dy't jout en ferjout en dy't haat oerwinne kin, sei de keninginne.

De tekst fan de taspaak wie al earder útlekt. In ynternetûndernimmer wie nei de tekst fan ferline jier gien en hie wat feroare yn it ynternetadres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)