Oprop supporters Hearrenfean

08 jun 2013 - 18:03

'Kom sneintemiddei manmachtich nei it Abe Lenstrastadion'. Dy oprop dogge de saneamde opposysjepartijen fan SC Hearrenfean, dy't ûntefreden binne oer de gong fan saken by de fuotbalklup. Doel is om de ûnfrede in gesicht te jaan. Mei it útdielen fan fiiftûzen flyers op It Hearrenfean hopet in groepke supporters safolle mooglik minsken nei it stadion te krijen. Supportersferienings Nieuw Noord en Feanfan, ferûntrêste sponsoaren, meiwurkers en frijwilligers stypje dy oprop.

It ekstern ûndersyk dat troch de klup oankundige is, hoecht fan harren net mear. De supporters sille snein de stânpunten noch ris hearre litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)