Oprop Snitter foar putsjedei

04 feb 2012 - 14:23
  • De Wetterpoarte yn Snits

De Snitser twittergroep Snitterkomitee docht in oprop om frijwilligers te krijen. Dy moatte dan oare minsken yn de stêd helpe, bygelyks mei it túntsjes. Neffens plan moat de konkrete help dan op in dei yn april plakfine.

De Snitser twittergroep komt ien kear yn de safolle tiid by-inoar. Se wolle it sosjale medium twitter ek echt sosjaal meitsje. Se neame it eigen twitterjen 'snitterjen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)