Oprop politisy oan Friezen

16 nov 2004 - 09:05

It kolleezje fan Deputearre Steaten én de leden fan Provinsjale Steaten roppe de Friezen op ta respekt foar inoar. Se ha moandei in iepen brief pleatst op de eigen website en yn de Fryske kranten.

De politisy roppe op om wurkjen te bliuwen oan in mienskip dêr't minsken fan ferskate religys en nationaliteiten yn frede mei inoar yn libje. Se skriuwe dat se skokt binne troch it geweld en de ûnferdraachsumens fan de lêste tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)