Oprop om mei te tinken oer iepenbier ferfier

11 mrt 2015 - 13:47
  • Arrivabus

De provinsje Fryslân freget de ynwenners om mei te tinken oer it iepenbier ferfier yn Súdeast-Fryslân, en op It Amelân, Skylge en Flylân. Meikoarten moat it ferfier yn dy regio's opnij oanbestege wurde en de provinsje is dwaande mei it programma fan easken hjirfoar.

Ien fan de easken is bygelyks dat de bussen foldwaan moatte oan de strangste miljeunoarm. Ynwenners fan Fryslân kinne oant 8 maaie reagearje op de foarriedige list mei easken. Begjin july wurdt it bestek op de merk brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)